Fryske site mei lesmateriaal

02 okt 2003 - 00:00

Dosinten en learlingen dy't Fryske les jouwe of krije, kinne fan no ôf foar lesmateriaal telâne op it Digitale Faklokaal Frysk. Dizze nije website is in inisjatyf fan de learare-oplieding Frysk fan de NHL, GCO en in tal dosinten Frysk.

Oan de nije site is in jier wurke. Der is fan alles op te finen oer de Fryske taal en kultuer. De makkers fan de ynteraktive website hoopje dat in soad skoallen de nije website brûke sille.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)