'Kontakten Twadde Keamer brûke'

© Omrop Fryslân
Boargemaster Hartkamp fan Snits freget yn in brief oan de rieds- en kolleezje- leden oft se alle kontakten yn de Twadde Keamer oanboarje wolle om de saak fan it 'eenmalig pardon' nochris te besjen.
In fersyk by minister Verdonk fan Frjemdlingesaken hat neffens Hartkamp net folle sin. De feroaring moat fan de kant fan de Twadde Keamer komme. Boargemasters fan oare plakken hawwe in selde soart brief skreaun oan har ried.