'Ek kearndoelen foar Frysk'

© Omrop Fryslân
Yn it nije basisfoarmingûnderwiis moat by it Frysk mear omtinken jûn wurde oan twataligens en de Fryske kultuer. Dat stiet yn it konsept-advys fan de taakgroep fernijing basisfoarming Frysk. Fierder stelt de taakgroep foar om foar it Frysk kearndoelen op it stellen, lykas as foar oare fakken.
Op it kongres 'Fierder mei Frysk' wurdt mei dosinten en saakkundigen diskusjearre oer de foarstellen om it ûnderwiis yn it Frysk te fernijen.