Personeel Tille wurket by Amels

02 okt 2003 - 00:00

In lytse tritich minsken fan de fallite Skipswerf de Tille út Koatstertille binne tydlik yn tsjinst naam troch skipswerf Amels Holland yn Makkum. Neffens technysk direkteur Sjoerd Veeman dogge se foaral wurk dat noch fuortkomt út eardere kontrakten mei de Tille.

Mei útsondering fan in pear gelokkigen hat Amels gjin mooglikheden de ploeg yn tsjinst te nimmen. De Tille gie begjin augustus fallyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)