Minder stipe oan it noarden?

© Omrop Fryslân
Minder stipe oan probleemgebieten as Noard-Nederlân en mear jild nei regio's dy't bettere kânsen hawwe op ekonomyske groei. Dat stiet yn in útlekte diskusjenota fan in ministearje fan Ekonomyske Saken.
De trije kommissarissen fan de noardlike provinsjes wiene tongersdei yn Den Haach om oer de stipe foar it Noarden te praten mei steatssekretaris Van Gennip. It giet om de projekten yn de perioade tusken 2001 en 2006.