Fetsucht ûnder bern oanpakke

© Omrop Fryslân
Sport Fryslân, de jeugdsûnenssoarch en de GGD wurkje gear om de fetsucht ûnder bern oan te pakken. Se wolle dat berikke troch it yt- en beweechgedrach fan de bern ûnder de tolve jier te ferbetterjen.
Neffens de organisaasjes is dat nedich om't 1 op de 10 bern yn ús provinsje op dit stuit te swier is. It giet foarearst om in saneamd pilot-projekt dat yn twa gemeenten opstart wurdt. Net bekend is hokker gemeenten dat binne.