Noed oer fytsers op paralleldyk

© Omrop Fryslân
It CDA yn de gemeente Achtkarspelen hat noed oer de jongerein dy't nei skoalle yn Bûtenpost en Surhústerfean fytst. De skoaljeugd fytst no oer in frij lizzend fytspaad, mar dat wurdt ferfongen troch in parallelwei by de provinsjale dyk tusken beide plakken lâns.
Ek de doarpen Stynsgea en Surhuzum lieten witte yn te sitten oer de problemen tusken it lânbouferkear en de fytsers op de paralleldyk. De oanlis fan de dyk set tusken 2004 en 2006 útein