Amelân: fjoertoer bliuwt iepen

© Omrop Fryslân
De gemeente It Amelân sil besykje de fjoertoer op it eilân iepen te hâlden. Dat seit boargemaster Verhoeven fan it eilân. De kustwachttaken fan de Amelanner toer geane oer nei de Brandaris op Skylge. De gemeente mei de toer dan nei alle gedachten keapje en sels iepenhâlde.
De ferkearsminister makke bekend dat de kontrôletaken oergean nei Skylge nei keamerfragen fan de CDA'ers Atsma en Van Haersma Buma.