Bibeldrukkerij nei Súd-Afrika

01 okt 2003 - 00:00

Bibeldrukkerij Jongbloed iepenet in festiging yn Kaapstad yn Súd-Afrika. Neffens direkteur Van Woerden is der yn Afrika in grutte fraach nei bibels, wylst der op dit kontinint kwalik bibeldrukkerijen binne.

Jongbloed is ien fan de grutste drukkers yn Europa op it mêd fan bibels en tsjerklike lietboeken. De Súd-Afrikaanske drukkerij sil ynkoarten folslein troch Súd-Afrikaansk personiel draaid wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)