Ljouwert wol stipe filmfestival

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol net dat de provinsje ophâldt mei de subsydzje oan it Sintrum foar de film. Dan stiet de takomst fan it Noardlik Filmfestival faai wylst Ljouwert der krekt enerzjy ynstekke wol. Dêrom wurdt ek it ryk om in bydrage frege.
Wethâlder Brok sil by deputearre Mulder besykje de provinsjale stipe foar it filmfestival los te krijen. De provinsje hat earder al oanjûn dat it festival trochgean moat.