'Fertochte ûndersykje litte'

30 sep 2003 - 00:00

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert wol de fertochte fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun ûndersykje litte yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dat sei parse-offisier fan justysje Brouwer by Omrop Fryslân.

De 63-jierrige fertochte hat de ûntfiering bekend. Yn it PB sintrum wurdt besjoen hoe tarekkenber de man is. De rjochterkommissaris nimt mooglik dizze wike in beslút oer opname. Sa'n ûndersyk duorret sân wiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)