Untfierder Lusanne frege twa ton

© Omrop Fryslân
De ûntfierder fan Lusanne van der Gun hat fjouwer wike lyn in losjild easke fan 200.000 euro. Dat hat justysje tiisdei bekend makke. It losjild is net betelle troch de âlden. It 11-jierrige famke út Aldeberkeap waard op 25 augustus ûntfierd, doe't se ûnderweis wie fan hûs nei skoalle. Twa dagen letter waard se frijlitten.
De âlden fan Lusanne diene tiisdei foar it earst harren ferhaal foar Omrop Fryslân radio en tillevyzje.