Earste peal Ronald McDonaldhûs

30 sep 2003 - 00:00

Foppe de Haan hat tiisdei de earste peal yn de grûn slein fan it Ronald McDonaldhûs yn Fryslân. It hûs komt neist it sikehûs MCL-súd. Alden fan sike bern kinne der sliepe. Der komme acht twapersoanskeamers en in wenkeamer foar dei-opfang.

It hûs kostet oardel miljoen euro. Mei aksjes is al 780.000 euro ophelle. De rest moat fan sponsors komme. It Ronald McDonaldhûs moat yn de simmer fan 2004 de doarren iepenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)