Pastors op kursus psychiatry

30 sep 2003 - 00:00

Pastors moatte leare psychiatryske problemen te herkennen en der mei om te gean. Dat seit dûmny Wind, geastlik fersoarger fan de GGZ. Pasjinten wurde minder faak opnommen en komme by tsjerken telâne. In soad syktebylden wurde religieus kleure. Se hearre stimmen en tinke dat dy godlik binne. Bidde of bychte helpt net.

De GGZ hat in kursus makke foar de pastors. Dêr stiet ek yn wannear't trochferwiisd wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)