Ekstra fytstunnel yn A31?

30 sep 2003 - 00:00

Wethâlder Helder fan Wûnseradiel wol sjen oft yn de A31, tusken Kimswert en Surch in ekstra fytstunnel komme kin. Der binne plannen om de N31 tusken Surch en Harns te ferdûbeljen. Troch dy dyk soene it strân en de Dyksterbuorren ûnberikber wurde.

De gemeenteried hat de wethâlder frege de fytstunnel yn te bringen yn de stjoergroep foar de ferdûbeling fan de dyk. Neffens him moat foarearst net rekkene wurde op ekstra tunnels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)