'Nea wer wrâldrekord op Thialf'

© Omrop Fryslân
Op Thialf sil nea wer in wrâldrekord riden wurde, seit iismaster Beert Boomsma. Hegerlizzende banen lykas dy fan Salt Lake binne altyd hurder en dêr kin Thialf net oan tippe.
De kuolmasines wurkje op 't heden op folle krêft om de iisflier klear te krijen foar it kommende seizoen. Sneon oer in wike stean de reedriders wer foar de doar. Mei de finansjele swierrichheden út it ferline hat it ûnderhâldswurk in skoftsje stillein.