Kampanje foar mear seelju

© Omrop Fryslân
De noardelike rederijen sette ynkoarten út ein mei in kampanje om jongerein te rissen foar in baan op see. De seefeart sit mei in grut tekoart oan arbeidskrêften.
Jongeren tinke noch faak dat se moannen fan hûs binne as se nei see gean. Mar dat is net mear sa. Seelju fertsjinje mei in healjier wurkjen wat oaren in jier fertsjinje. Ek de Maritime Akademy yn Harns hat driuwend ferlet fan nije learlingen.