Sportkantines yn 'e problemen

© Omrop Fryslân
In soad sportkantines yn Fryslân komme yn 'e problemen troch de hanthavening fan 'e tabakswet. Der mei yn 'e kantines net mear smookt wurde en dêrtroch kin neffens de Keninklike Horeca Nederland de helte fan 'e troffen sportakkomodaasjes net mear út.
It giet benammen om kommersjele kantinepachters yn sportakkomodaasjes as sporthallen en swimbaden. De keuringstjinst fan waren kontrolearret strang op it smookferbod.