It Bilt 'tagonkliker'

29 sep 2003 - 00:00

Op It Bilt is moandei de 'wike fan de tagonglikheid' út ein set. De wike moat der ûnder mear op wize dat rolstuollers en oare hendikepten faak lêst ha fan al it guod dat winkeliers op de stoepe sette.

Wethâlder Hornstra joech moandei it startskot fan de wike. Hy die dat troch yn Sint Anne sels yn in rolstoel te krûpen. Sa koe er goed besjen hoe freonlik de gemeente is foar hendikepten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)