Koart pleit oer lûdswal

© Omrop Fryslân
Bewenners fan de wyk 't Hout yn Drachten spanne in koart pleit oan tsjin de gemeente Smellingerlân. Se wolle dat de gemeente no einlings de lûdswâl tusken har wyk en de A7 ôfmakket, lykas ôfpraat yn 1998.
De bewenners ha jierren lyn sels sa'n 22,5 tûzen euro by-inoar helle om mei te beteljen oan de lûdswâl. Dat jild leit al fiif jier by de gemeente. De lûdswal is lykwols noch altiten net ôfmakke.