Weening nei WK yn Kanada

29 sep 2003 - 00:00

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema kin him klear meitsje foar it WK hurdfytsen yn Hamilton (Kanada). De 22-jierrige hurdfytser hie lêst fan in knibbelblessuere, mar de test it ôfrûne wykein yn de trijedaagse Parys-Correze pakte goed út.

Weening traint dizze wike noch in pear dagen yn België en docht faaks noch mei oan in wedstriid. Dêrnei reizget er nei Kanada om op freed 10 oktober it WK foar beloften oant 23 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)