Afgaan net moardner Vaatstra

29 sep 2003 - 00:00

De Afgaan dy't himsels okkerdeis oanjûn hat yn Londen is net de moardner fan Marianne Vaatstra. Dat hat bliken dien út DNA-ûndersyk. Heit Bauke Vaatstra is tige teloarsteld dat de dieder no noch net fûn is.

De Afgaan wenne yn it azc yn Kollum en ferdwûn nei de moard. Sa waard er fertochte. De Fryske plysje wol de man noch wol hearre as tsjûge. Hy blykt himsels oanjûn te hawwen om't de plysje earst syn twillingbroer oppakt hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)