'Busline De Lemmer moat bliuwe'

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP set him yn foar behâld fan 'e busline troch de wyk Lemsterfeart op 'e Lemmer. Dy driget te ferdwinen, no't Fryslân it foech oer de busferbining oerdroegen hat oan Flevolân. De fraksje wol witte oft de provinsje Fryslân ek ôfspraken makke hat oer it fuortbestean fan 'e busline.
Ferskate partijen yn Lemsterlân hawwe al protestearre tsjin it opheffen fan de busline.