Iepen FK hurdrinnen op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Rudi van der Lelie en Mariska Kramer-Postma hawwe op 'e Jouwer de iepen Fryske titels 10 km wûn. Van der Lelie wie 26 tellen hurder as de nûmer 2, Willem Faber fan Sint Nyk. Saher Yousef waard tredde.
By de feteranen wie Heerke Postma de hurdste. Mariska Kramer kaam oer de streek mei in foarsprong fan hast 3 minuten op Titia Visser, de rapste feterane. Yvonne Kassenberg waard tredde yn 'e kategory overall.