Alle literatuerprizen online

28 sep 2003 - 00:00

It Letterkundich Museum yn Den Haach hat alle winners fan Hollânske en Fryske literêre prizen fan 1880 ôf online set. Sa is op te sykjen wa't bygelyks yn 1948 de Gysbert Japicxpriis wûn oft yn hokker jierren Oene Spoelstra de Rely Jorritsma-priisfraach wûn.

De list is gearstald troch meiwurkers fan it museum. Sy wurkje de list ek hieltiten by. It adres is: www.letmus.nl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)