Banemerk by CWI's

28 sep 2003 - 00:00

Wurksykjenden koene sneon op alle 120 CWI's yn Nederlân telâne foar in grutte banemerk. Yn Fryslân hâlden dêroan foarôfgeand in tal bekende Friezen ferline wike in telefoanaksje. Se bellen bedriuwen en ynstellings op foar fakatueres. Dat smiet likegoed noch aardich wat oanmeldings op.

It CWI yn Ljouwert hie mei dêrtroch sneon sa'n fiifhûndert fakatueres yn 'e oanbieding. Yn Drachten kamen tolvehûndert minsken op de banemerk ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)