Autumn wint Fryske poppriis

© Omrop Fryslân
De Fryske gothic-metal band Autumn hat sneon de Fryske Poppriis 2003 wûn. Dat waard bekend op it Freezefestival yn de Harmonie yn Ljouwert. De priis is bedoeld foar de persoan, ynstelling of band dy't it ôfrûne jier it meast foar de Fryske popmuzyk betsjut hat.
Autumn stie dit jier op it ferneamde popfestival Lowlands, as resultaat fan it winnen fan in lanlike priis, de Essent Award. De band besiket no ek yn it bûtenlân troch te brekken.