Earste ferlies foar Harekieten

27 sep 2003 - 00:00

Foar de amateur-haadklassers Harkemase Boys wie it sneon in teloarstellende dei. De Boys hiene de earste nederlaach fan it seizoen. Se ferlearen út mei 2-1 fan DOS Kampen. Hoewol't de Harekieten better fuotballen, slagge it DOS Kampen dochs te winnen.

De rêststân wie 1-1. Yn de twadde helte gie it in stik minder en slagge it Kampen om noch in goal te skoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)