Utstel fan útsetting Esther

27 sep 2003 - 00:00

Esther Uhanamure út Kollumersweach hoechde har sneon net te melden op Schiphol. De Ymmigraasjetsjinst liet sneon witte dat de útsetting foarearst útsteld is. Foar hoelang en wêrom krekt is net bekend makke. De 32-jierrige frou moat it lân út, om't se hjir yllegaal wennet. Foar it oanfreegjen fan in ferbliuws- fergunning hat se in berte-akte nedich, en dy is yn har bertelân Nigeria net opmakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)