Atsma noch yn race foar NOC/NSF

27 sep 2003 - 00:00

Twadde Keamerlid Joop Atsma bliuwt kandidaat foar it foarsitterskip fan sportkoepel NOC/NSF. Atsma sei dat freed yn it televyzjeprogramma Breedbyld fan Omrop Fryslân.

Ofrûne wike spruts it bestjoer fan it NOC/NSF in foarkar út foar boargemaster fan Zaanstad Ruud Vreeman. Op 21 oktober moatte lykwols alle sportbûnen stimme oer de nije foarsitter. De mooglikheid bestiet dat dan dochs noch keazen wurdt foar Joop Atsma.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)