'Tekoart oan poppoadia'

26 sep 2003 - 00:00

Fryslân hat in grut tekoart oan poppoadia. Fan de 700 bandsjes dy't der binne, kinne de measte mar ien of twa kear per jier optrede. Dat waard freed sein op in panel oer de popkultuer yn de provinsje.

Der binne twa popopliedings yn Ljouwert, op hbo- en mbo-nivo. Derneist binne der poadia lykas it Bolwurk yn Snits en stifting Friesland Pop. De kwaliteit fan it popklimaat soe better wurde as dizze partijen gearwurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)