Nijbou Dockinga iepene

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels hat freed yn Dokkum it nije gebou fan it Dockingakolleezje iepene. Yn it gebou, it Omnium, binne de HAVO, it VWO en in muzykskoalle fêstige.
De nijbou wie nedich omdat it âlde gebou oan 'e Burdaarderstrjitwei net mear oan de hjoeddeistige easken foldocht. It nije gebou yn Dokkum is de fyfde lokaasje fan it Dockingakolleezje, folslein ynrjochte neffens de moderne easken oan ûnderwiis.