Talma Sionsberg: topsikehûs

26 sep 2003 - 00:00

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum is ien fan de bêste sikehuzen fan Nederlân. Yn in jierliks ûndersyk fan Elsevier stiet it op in twadde plak. Benammen de gearwurking mei húsdokters en oare soarchoanbieders, en de wurdearring fan pasjinten skoare heech.

Ek de spesjalismen kardiology, neorology, orthopedy en eachheelkunde binne poerbêst. It twadde plak is offisjeus, om't foar in part noch gegevens út 2002 brûkt binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)