Keatskening wurdt rayonhaad

26 sep 2003 - 00:00

Piet Jetze Faber fan Froubuorren wurdt it nije rayonhaad foar de Alvestêdetocht yn It Bilt. De eardere keatskening folget Sjoerd Schaaf op, dy't meikoarten 70 jier wurdt, de reglemintêre leeftiid om ôf te treden.

Faber wurdt ferantwurdlik foar in stik fan trettjin kilometer Alvestêdetocht, mei ûnder oare de altyd bewurklike Blikfeart. Faber is by it keatsen noch altiten oanfierder fan it punteklassemint aller tiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)