Grut tal auto-ynbraken oplost

26 sep 2003 - 00:00

De plysje Fryslân hat mei de oanhâlding fan trije manlju en in frou út Litouwen 100 auto-ynbraken oplost. De fjouwer fertochten waarden twa wiken lyn oanhâlden yn Ljouwert.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat sy ein augustus en begjin septimber ynbrutsen ha yn auto's yn Fryslân en yn it Noardeasten fan Nederlân. In part fan de bût is yntusken werom fûn by Holten. It giet om autoradio's, cd's en mobile telefoans.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)