Fûne foet identifisearre

26 sep 2003 - 00:00

De skoech mei de foet dy't begjin july troch kuierders op it strân fan Skylge fûn is, is identifisearre. It lichemsdiel hearde ta oan Kuik, ien fan de bemanningsleden fan de fiskkotter de Victory. De kotter sonk yn novimber 2001 foar de kust fan Den Helder.

It wrak fan de Victory waard yn febrewaris werom fûn. it skip hie fjouwer bemanningsleden, wêrûnder de Ljouwerter Sjak Smits. Op it stuit wurdt noch ien fan de manlju fermist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)