Fjoerwurkopslach net by Kollum?

25 sep 2003 - 00:00

De Kollumerwaard liket bûten byld te bliuwen foar de opslach fan fjoerwurk. Minister Dekker fan romtelik oardening oerwaget ien sintraal opslachplak yn te rjochtsjen yn Seewolde. Dat wolle de fjoerwurkfabrikanten.

De oerheid is foar depots yn de Kollumerwaard en it Brabantse Ulicoten, mar de minister wol de branzj sels in kâns jaan. De gemeente Kollumerlân hat altyd op in fjoerwurkopslach yn 'e Kollumerwaard tsjin west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)