Hearrenfean - Avanti: 3-3

© Omrop Fryslân
De Fryske twastriid tusken Hearrenfean en Avanti krige woansdei yn sporthal De Telle gjin winner. It waard in 3-3 gelykspul tusken de twa heechst spyljende Fryske sealfuotbalploegen.
Mei dy útslach wie it Stienzer Avanti bliid, mar koprinner Hearrenfean hie it smoar yn om't de oerwinning yn de lêste fiif sekonden ferspile waard. De goals fan Hearrenfean kamen fan Sharma (2) en Hof, dy fan Avanti fan Volbeda, Van Dijk en De Groot.