Nije fearboat foar Flylân

25 sep 2003 - 00:00

Rederij Doeksen lit fan begjin 2005 ôf in nije boat nei Flylân farre. It giet om in katamaran dy't boud wurdt op de Filipijnen. It ûntwerp komt fan in Australysk bedriuw, dat ek de frachtkatamaran nei Flylân betocht.

Op de nije boat kinne 1300 passazjiers. 900 fan har kinne binnendoar sitte. Dat binne 300 mear as op de hjoeddeiske boat de Oost-Vlieland. Dizze wike wurde de kontrakten mei de Filipijnse werf tekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)