SOW: dûmny ûnterjochte skoudere

© Omrop Fryslân
Dûmny Hindrik Zijlstra fan Easterein is troch de tsjerkeried ûnterjochte op non-aktyf set. In beropskommisje fan de Samen-Op-Weg-tsjerken hat it beslút dêrta neatich ferklearre.
In groep fan 120 tsjerkegongers yn Easterein wol noch hieltyd dat de tsjerkeried opstapt. Neffens harren is Zijlstra slachtoffer wurden fan de ried. Zijlstra en de ried prate op it stuit oer in skikkingsfoarstel. Dêr is tongersdeitejûn in ynformaasjejûn oer.