Boonstra wint Snitser tunnelloop

© Omrop Fryslân
Jan Boonstra is woansdei winner wurden fan de jierlykse tunnelloop yn Snits. De pleatslik favoryt rûn de 9,2 kilometer yn 33,43 sekonden. Hy hie dêrmei in foarsprong fan 21 sekonden op pleatsgenoat Piet Jacobsen.
Freddy Venema fan Snakkebuorren waard tredde. By de froulju wûn Nelien Zeldenrust fan Wâldsein. It twadde plak wie foar Liesbeth Steenberg fan Snits. Tredde waard stedsgenoate Rosa Greidanus.