'Net yn 'e bocht foar yllegalen'

24 sep 2003 - 00:00

De Fryske befolking en Fryske ynstellingen moatte minder gau yn de bocht springe foar útprosedearre asylsikers. Dat ha Flechtlingewurk Fryslân en opfangorganisaasje Respons woansdei yn Ljouwert sein.

De organisaasjes wolle in kennissintrum opsette. Ynwenners fan Wolvegea en Kollumersweach kamen massaal yn aksje foar yllegalen. Direkteur Harink fan Flechtlingewurk fynt dat minsken realistysk bliuwe moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)