Sosjale Winkel freget ton ekstra

© Omrop Fryslân
De Sosjale Winkel yn Ljouwert freget 100.000 euro ekstra subsydzje oan de gemeente Ljouwert. Direkteur Verf fan de HWL yn Ljouwert die woansdeitemoarn de oanfraach by wethâlder Hafkamp. Sy rûn in moarn mei yn de Sosjale Winkel.
Dit jier krijt de Sosjale Winkel 140.000 euro subsydzje. De direkteur hopet takom jier op in begrutting fan 250.000 euro te kommen. Wethâlder Hafkamp sjocht gjin mooglikheid om ekstra jild út te lûken.