Wer kokedei yn Warkum
Foar de 103ste kear wie Warkum woansdei it toaniel fan de kokedei. Goed 130 kij stienen op de merk om kard te wurden. De dielnimmers en besikers wienen ekstra optein oer de kokedei.
De lêste twa kear wienen der gjin kij. Yn 2001 kaam dat troch de tongblierkrisis en it jier dêrnei wienen der te min bisten fanwegen de strangere regels as gefolch fan de tongblier.