Aksje tsjin rappe riders Hilaard

24 sep 2003 - 00:00

Ynwenners fan Hilaard komme yn aksje. Se wolle bestjoerders der op wize dat se net hurder as 30 kilometer ride meie yn it doarp. In soad bestjoerders hâlde har net oan dy limyt. De ynwenners ha stikkers op de ôffalkonteners plakt mei de maksimumsnelheid.

De ferkearskommisje fan Hilaard tinkt oer noch mear maatregels. De bern en personiel fan de basisskoalle tinke ek mei oer it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid yn it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)