75.000 euro foar sosjaal pensjon

© Omrop Fryslân
De provinsje stipet de komst fan in sosjaal pensjon foar dak- en thúsleazen mei in psychyske handikap mei 75.000 euro. It sosjaal pensjon is in projekt fan de GGZ, ferslavingssoarch Kuno van Dijk en opfang De Terp.
Doel is om dak- en thúsleazen mei slimme psychiatryske problemen en ferslavingen better te begelieden. De provinsje stelt de subsydzje lykwols pas beskikber as it pensjon der yndie is en takomstperspektyf hat.