Ferbouwing koetshûs Bakkefean

24 sep 2003 - 00:00

Natuermonuminten is begûn mei de ferbouwing fan it earder koetshûs fan de Slotpleats yn Bakkefean. As it klear is, wurdt it gebou in servicepunt fan de VVV en in argeologysk ynformaasjepunt.

Heal novimber moat de ferbouwing klear wêze. Der sil sa folle mooglik fan it oarspronklik karakter behâlden bliuwe. Yn de Slotpleats sels sit no in teehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)