Antonius-sikehûs moat gearwurkje

24 sep 2003 - 00:00

It Antonius-sikehûs yn Snits moat him yn de takomst noch mear spesjalisearje. Dêrneist moat it sikehûs de gearwurking mei de sikehûzen yn Drachten en Hearrenfean fierder optimalisearje.

Dat fynt Kingma fan de Ynspeksje foar de Sûnenssoarch. Hy sei dat tiisdei by de fiering fan de 100ste jierdei fan it Antonius. Kingma foarsjocht drege tiden foar de sûnenssoarch. Fral no't it twadde kabinet Balkenende mei grutte besunigings komt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)