Slachtoffer eksploazje ferstoarn

© Omrop Fryslân
In 48-jierrige man út Itens is yn de nacht fan moandei op tiisdei ferstoarn yn it sikehûs fan Grins. De man wie moandei ferwûne rekke by in eksploazje fan in lymfet. It slachtoffer wie mei in oare man oan it fleksen oan de boppekant fan in grut fet.
Yn it fet hie lym sitten. It fet is nei alle gedachten ûntploft troch de kombinaasje fan it fleksen en de lymstof. De oare man (72) rûn skroeiplakken op.