Gjin Ryksjild mear foar bystân

© Omrop Fryslân
Fan 2004 ôf moat de gemeente Ljouwert de bystânsútkearingen sels betelje. It Ryk betellet dan net mear mei. Ek mei Ljouwert dan gjin bystân mear jaan foar bysûnder gebrûksguod. Dat hat te krijen mei de nije wet Werk en Bijstand dy't nei ferwachting takom jier yn giet.
Mei de ynfiering fan de nije wet krijt de gemeente 2 miljoen euro minder foar reyntegraasjetrajekten en subidiearre arbeidsplakken. Foarútrinnend op de besunigingen binne al maatregels nommen.